in fertaalburo, dat yn haadsaak de Nederlânske taal yn it Frysk oerset. Dit alles op it mêd fan tsjinstferliening foar bedriuwslibben en partikulieren.
Ronald: Dan moatte wy lid wurde fan de kabouters, is’t net sa? (hy laket) Sidney: (laket it langst) Ja, in goed idee. Lid wurde fan de kabouters (hy laket) Moast tsjin Dick sizze. Dy komt net mear by. Geoffrey:(nei in skoftke) In pear moaie skonken. Ronald: Ja. Sidney: Dick? Geoffrey: Syn frou. Sidney: Lottie? O ja. Witst, ik leau net dat se my oait opfallen binne.
Marinus: Ek ien foar Patrick. En Hein-Jan.
Hein-Jan: (foarsichtich) Ik kin wol sûnder, hear.
Marinus: (opljeppend) Wat bedoelst dêr mei?!
Hein-Jan: Neat
Marinus: Dat ik net sûnder drank kin? Woest dat sizze?
Hans: Ik wit net wat ik leaver ha. Talent, of sa’n ebbehouten lichem. Nick: in stik hout makket noch gjin Stradivarius. Hjir moat ik even oer neitinke. Ties: Wat seist dat wer moai!
Hedwig: Mefrou van Zeil, it is freeslik. Der sit in wyld, libbensgefaarlik bist, flak neist ús tinte.
Jane: Wy sitte op in boerecamping yn Nederlân. Dêr binne gjin tigers, oaljefanten of bearen. It kin net heel gefaarlik wêze.
Hedwig: Vikki hat it sels sjoen. In knoffel fan in bist. Mei tosken, ôfgryslik. En klauwen…
Jacob: (tsjin Liesbeth) Goed mefrou, no kinne jo him in gesellige jûn besoargje!
Liesbeth: Ik tocht, dat hy my in gesellige jûn besoargje soe!
Jacob: No ja, meitsje jim der tegearre in gesellige jûn fan. In hapke ite.. wat drinke en dan…(lûkt it bêd nei ûnderen) Joepie!
Ik bin op 13 desimber berne yn Poppenwier yn De Lege Geaën en ha altyd al in foarleafde foar talen hân, yn it bysûnder foar de Fryske taal. Tagelyk mei de ynteresse foar toaniel/teater wie it op in bepaald momint logysk om ris in toanielstik oer te setten. Doe’t ik de smaak te pakken hie, wie der gjin hâlden mear oan. It waard myn passy. It offisjeel beneamen fan ‘letterfretter’ fan myn fertaalburo yn 2004 hat myn libben dêrnei yn positive sin feroare. Alle dagen ha ik de lúkse om wat mei ‘myn’ taal te dwaan, alles uteraard foar it goeie resultaat. Dat is myn stribjen, dat is myn doel!